Foar de tsiende kear op rige wurdt ‘Kerstnacht in Sportstad’ organisearre yn Sportstêd Hearrenfean. Dit jier is it tema: ‘Mag ik dan bij jou?’. Lykas foarich jier is de krystnachttsjinst fan 20.30 oere ôf rjochtstreeks te folgjen fia de ynternetstjoerder Omroplive.nl.
Hûnderttûzenen minsken dwale dizze winter troch Europa, op syk nei frede, gerjochtichheid en in waarm en gastfrij ûnthaal. Op tongersdei 24 desimber is it krystjûn en tradisjoneel binne der rûnom yn de provinsje krystnachtfieringen. Sa ek yn Sportstêd Hearrenfean.
Omrop Fryslân stjoert dy krystnachttsjinst út op Omroplive.nl.
Krystnachttsjinst op Omroplive:
Op tongersdei 24 desimber fan 20.30 oere ôf live op ynternetstjoerder Omroplive.nl.
Dit persbericht verscheen op 15 december 2015 op OmropFryslan.nl.
Geef een reactie